Woansdei tocht by Earnewâld

05 jan 2010 - 11:07
  • De baan wurdt klear makke

IIsklup Lyts Begjin fan Earnewâld organisearret op woansdei 6 jannewaris in famyljetoertocht troch de Jan Durkspolder en omkriten by Earnewâld. It giet om de earste toertocht fan 2010, dy't neffens de organisaasje tige gaadlik is foar húshâldings mei bern.

De start is oan de Manjepetswei by camping it Wiid. Der wurdt start om 12.00 oere. De ôfstannen binne 7,5 of 15 kilometer. Der sitte wol in pear klúnplakken yn 'e rûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)