Woansdei earste wedstriid yn Ljouwerter Elfstedenhal

29 sep 2015 - 11:32

Yn de Elfstedenhal yn Ljouwert is woansdeitejûn de earste reedrydwedstriid fan it seizoen. En dat is in primeur foar de Ljouwerter iishal. It giet om it ûnderdiel massastart. It is foar de reedriders efkes wennen om al sa betiid oan it seizoen te begjinnen. Guon riders sjogge de earste massastart dan ek mear as in trainingswedstriid.

De nasjonale kompetysje bestiet út trije wedstriden: nei Ljouwert folgje noch Enschede (1 novimber) en Hoorn (28 novimber). It NK massastart is op 29 desimber yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)