Woansdei earste alvestêderider

06 jan 2009 - 15:39
  • Jacob Brandsma op de Swarte Brekken
  • Brandsma sil de alve stêden by del op houtsjes...

Jacob_Brandsma fan De Hommerts sil woansdei as earste op redens de Fryske alve stêden by del. Brandsma sil dat dwaan op houtsjes. Dat rydt better op ûnwis iis en boppedat klúnt dat ek folle makliker. Benammen yn de doarpen en stêden sil in soad klúnd wurde moatte, ferwachtet Brandsma.

De alvestêdepionier hat noch net in soad kilometers yn de fuotten. Hy hat net mear treend as in rûntsje oer de Swarte_Brekken op nijjiersdei en op tiisdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)