Woansdei beslút oer komst Streppel nei SC Hearrenfean

15 mrt 2016 - 10:45

Sportklup Hearrenfean hat woansdei in lêste petear mei kandidaat-trainer Jurgen Streppel. Sa befêstigje boarnen om de klup hinne. Streppel is no noch trainer by Willem II en makket dêr it seizoen ek ôf. As it petear woansdei goed ferrint, meitsje beide partijen bekend dat it rûn is, mar dan wurdt Streppel noch net by Hearrenfean presintearre. Streppel is noch drok dwaande om Willem II yn de earedifyzje te hâlden en boppedat wolle se net krekt sa'n situaasje as by NEC mei Ernest Faber, dy't nei FC Grins giet.

Transferbedrach

Hearrenfean sil nei alle gedachten in transferbedrach betelje moatte, omdat Streppel syn kontrakt noch rint oant en mei 2017. Streppel is gjin ûnbekende foar technysk manager Hans Vonk. Sy spilen yn it ferline tegearre by RKC Waalwijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)