'WMO-loket net yn gemeentehûs'

31 maaie 2007 - 09:58

Der moatte gjin WMO-loketten yn gemeentehuzen komme. Dat fine it Platfoarm foar minsken mei in útkearing en de Kliïnteried foar Sosjale Saken. Sa'n loket moat ûnôfhinklik wêze en dat is in gemeentehûs net, fynt de organisaasje.

Boargers kinne by de loketten oanfragen dwaan en ynformaasje krije oer help. De gemeente beoardielet ek dy oanfragen foar help. Sadwaande is in gemeentehûs gjin goed loketplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)