Wmo-jild oars ferdield

17 sep 2014 - 14:59
  • Taksy

De nije manier fan it ferdielen fan it Wmo-budzjet hat grutte gefolgen foar in soad Fryske gemeenten. De Waadeilannen krije der 32 oant 75 prosint by. Foar de gemeenten Frjentsjerteradiel, Kollumerlân en It Hearrenfean betsjut it in grutte finansjele weromgong fan 26 oant 30 prosint. Kollumerlân krijt 72 euro de ynwenner minder, It Hearrenfean 48 euro.

It Wmo-budzjet foar 2015 wurdt tenei ferdield op basis fan de skiednis. Gemeenten mei ynwenners dy't yn it ferline in soad gebrûk makken fan soarch, krije yn 2015 it measte jild.

De Wet maatschappelijke ondersteuning (Wmo) regelet dat minsken mei in beheining stipe krije kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)