WMO-ferfier skoart goed

09 jul 2014 - 15:40
  • Taksy

It WMO-ferfier yn Noardeast-Fryslân, bestimd foar minsken dy't net selstannich reizgje kinne, docht it goed. Dat docht bliken út ûndersyk nei de klanttefredenheid ûnder goed trijehûndert minsken. It WMO-ferfier hellet in goede 8. Der waard ûnder oare sjoen nei de kwaliteit fan de auto, de sjauffeur en it boekingssysteem.

Yn Noardeast-Fryslân fersoargje Taxi NOF út Kollumersweach yn gearwurking mei Connexxion Taxi Service it WMO-ferfier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)