WMO better troch mear begryp

06 aug 2007 - 19:54

De útfiering fan de WMO, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning, giet better as in heal jier lyn.

Dat komt troch dat gemeenten en thússoarchorganisaasjes mear begryp foar elkoar krigen hawwe. Dat seit direkteur Blom fan de thússoarch organisaasje De Friese Wouden. Blom fynt ek dat de merkwurking yn de soarch foar in part mislearre is. De oanbesteging hat in protte tiid en jild koste ten koste fan de kwaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)