WK yn byld foar Hofstra en Bos

14 feb 2013 - 17:34

De Fryske topdarters Rick Hofstra en Dennie Bos binne hurd op wei om harren te pleatsen foar it WK darts. Beide mannen hawwe in goeie sponsor fûn dy't harren finansjeel stipet. Dêrtroch kinne se toernoaien yn Europa ôfrinne om harren te pleatsen foar dat WK. Hofstra stiet op dit stuit 18e op de wrâldranglist, Bos 21e.

De lêste en ek iennige Fries dy't it WK (ek wol Lakeside neamd) helle, wie Hofstra yn 2004 en 2005. Dit wykein reizigje Hofstra en Bos ôf nei Skotlân foar in grut toernoai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)