WK: Wüst oan de lieding

20 mrt 2010 - 17:48
  • Ireen Wüst fiert it klassemint oan nei twa ôfstannen

Ireen Wüst giet nei twa ôfstannen oan de lieding by it wrâldkampioenskip op It Hearrenfean. De ymport-Feanster einige sneon as twadde op de 3000 meter yn 4.05.10. Martina Sablikova út Tsjechië wûn de trije kilometer yn 4.03.59. De Dútse Stephanie Beckert waard tredde yn 4.05.62.

Yn it algemien klassemint hat Wüst in lytse foarsprong op Kristina Groves út Kanada. Sablikova is tredde. Snein stean de 1500 en 5000 meter op it program.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)