WK: Wieteke Cramer njoggende

20 mrt 2006 - 10:54

Wieteke Cramer fan it Hearrenfean stiet nei de earste dei fan it WK allround reedriden yn it Kanadeeske Calgary op it njoggende plak. Sy waard njoggende op de 500 meter yn 39,37 en tolfde op de trije kilometer, yn 4.04,79.

Earste stiet de Kanadeeske Cindy Klassen dy't op de 500 meter dalik al in gat sloech dat net mear yn te heljen falt, mei 37,51. Se ried boppedat in wrâldrekord op de trije kilometer: 3.53,34.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)