WK-toulûkers wer thús

26 feb 2008 - 22:17
  • Sûnder ien kear te ferliezen waard it team wrâldkampioen. (Foto: Eddie Raamsdonk)
  • De huldiging fan TTV It Heidenskip

De suksesfolle toulûkers fan It Heidenskip binne wer thús. It team waard dit wykein wrâldkampioen yn de kategory oant 680 kilo by klubteams.

In dei letter waarden de Heidenskipsters mei ien Parregeaster as Nederlânsk team ek wrâldkampioen. It wie de earste kear dat in Nederlânsk team de wrâldtitel foar binnendoar toulûken wûn. Freed oer in wike wurde de toulûkers fan It Heidenskip huldige yn eigen doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)