WK: Sven Kramer oan de lieding

19 mrt 2010 - 19:54
  • Sven Kramer (foto: KNSB)

Sven Kramer giet by it WK Allround oan de lieding nei de earste dei. Hy wûn freedtejûn de 5000 meter yn in tiid fan 6.19,63. Earder op de dei waard hy sechde op de 500 meter.

Havard Bokko kaam by de 5 kilometer it tichtst yn de buert fan Kramer. De Noar kaam ta in tiid fan 6.21,08. Ted-Jan Bloemen waard mei 6.23,41 tredde. Yn it algemien klassemint stiet Kramer boppe-oan. De Amerikaan Jonathan Kuck stiet ferrassend op it twadde plak, foar Bokko en de Rus Ivan Skobrev.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)