WK Othello yn Ljouwert

07 nov 2012 - 21:04

Ljouwert is de kommende dagen it striidtoaniel fan it wrâldkampioenskip Othello. Dat tinkspultsje, dat wat liket op damjen, wurdt oer de hiele wrâld spile troch in lytse 20.000 minsken. Oan it WK, dat foar de twadde kear yn Nederlân hâlden wurdt, dogge dielnimmers út 32 lannen oer de hiele wrâld mei. Benammen de Japanners meitsje kâns op de einoerwinning. Oan it toernoai docht ek in Fries om utens mei: Albert Kortendyk fan Almere. De namme fan it spultsje, Othello, komt fan it toanielstik fan Shakespeare mei deselde namme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)