WK op grut skerm by Aldehou

07 jul 2014 - 11:03
  • WK flagge

De gemeente Ljouwert set foar de heale WK-finale fan it Nederlânsk alvetal in grut skerm del op it Aldehoustertsjerkhôf. De omlizzende strjitten wurde twa oeren foar de wedstriid, takom woansdei om tsien oere jûns, ôfsletten.

Oan de Westerplantaazje wurdt in spesjale fytsestalling ynrjochte. Ek by de hoarekabedriuwen yn de binnenstêd wurde grutte skermen delsetten. De organisaasje freget foar it skerm by de Aldehou twa euro entreejild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)