WK ôfstannen los yn Inzell

10 mrt 2011 - 12:46
  • De fernijde iisbaan fan Inzell

Tongersdeitemiddei begjint foar de reedriders de lêste grutte wedstryd fan it seizoen, it WK ôfstannen. Yn in splinternije hal yn Inzell binne de ferwachtings heech. Op dy baan waard altyd hurd riden. En no't der in dak oer sit sille de tiden nei alle gedachten allinnich mar better wurde.

Fryslân hat mei Marrit Leenstra en Bob de Vries en de oannommen Friezen Ireen Wüst en Margot Boer hiel wat troeven oan de start stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)