WK klunen 2016 ôfsein om't haadsponsor him weromlûkt

10 des 2015 - 21:43

It WK klunen 2016 yn Grou giet net troch om't de haadsponsor him weromlutsen hat. Oardel wike lyn hat de haadsponsor witte litten net mei te dwaan oan it evenemint. De organisaasje koe sa gau ek net in nije sponsor fine en hat dêrom dizze wike besletten it WK te skrassen.

Yn 2017 sil de organisaasje wol wer in WK hâlde. Neffens Marcel Oost fan de organisaasje docht de haadsponsor dan wol wer mei. En oars hawwe se tiid genôch om in nije sponsor te fine.

De fjirde edysje fan it sportevenemint soe op sneon 16 jannewaris útein sette. De minsken dy't harren al opjûn hiene, meie yn 2017 wol meidwaan. De organisaasje wol foar dy edysje grutter útpakke. Minsken of bedriuwen mei leuke ideeën foar it winterevenemint kinne maile nei info@wkklunen.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)