WK Keatsen: Spanje wint llargues

23 nov 2002 - 00:00

By it WK Keatsen hat Spanje Nederlân sneon fan 'e baan fage. Yn 'e finale fan it jeu de pelote yn Paranà waard it 10-1 foar Spanje. De Friezen kamen net yn 'e wedstriid. De Spanjaarden namen sa revanche foar Minnertsgea ferline jier. Doe wûn Fryslân yn 'e finale fan it Europeesk Kampioenskip fan Spanje.

It WK Keatsen sit der no op. Nei in slotdiner en feest begjinne de keatsers oan de 36 oeren lange weromreis nei Frjentsjer fia Buenos Aires en Madrid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)