WK keatsen hat flink tekoart

08 mrt 2012 - 12:57

De organisaasje fan it WK Keatsen yn augustus yn Frjentsjer hat it dreech om de begrutting rûn te krijen. Op dit stuit is der noch in tekoart fan 65.000 euro. De organisaasje hat goeie hope dat dat jild der op tiid komt. Oars stiet it meidwaan fan teams út Súd-Amearika faai.

Omdat de keatsklups út dy lannen it net sa breed ha, wurde har ferbliuwskosten betelle troch de organisaasje fan it WK yn Fryslân. De organisaasje praat de kommende tiid mei potinsjele sponsors.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)