WK IIshockey op Omroplive.nl

30 mrt 2012 - 14:08
  • IIshockey

Omrop Fryslân sil op ynternetkanaal Omroplive.nl streekrjocht ferslach dwaan fan de iishockeywedstriden fan it WK IIshockey ûnder de 18, dy't de kommende wike yn Thialf op It Hearrenfean holden wurde. Alle wedstriden fan it Nederlânske team sille live te folgjen wêze op www.omroplive.nl.

De earste wedstriid dy't útstjoerd wurdt is Nederlân-Koreä, dy't sneontejûn om healwei njoggenen úteinset. Oan it toernoai dogge seis lannen mei; Kroäsië, Grut-Brittannië, Koreä, Litouwen, Roemenië en Nederlân.

Ald iishockey-international Ron Berteling sil it kommintaar by de wedstriden fersoargje. Ek sille saakkundigen fanút it iishockeykafee yn Thialf analyzes jaan fan de wedstriden. It spylskema fan Jong Nederlân is:

31-03-12 20:30 Nederlân - Koreä
01-04-12 17:00 Grut-Brittannië - Nederlân
03-04-12 20:30 Nederlân - Kroäsië
04-04-12 20:30 Litouwen - Nederlân
06-04-12 20:30 Roemenië - Nederlân

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)