'WK-fiskwetter beroerd'

25 aug 2012 - 12:06

Bûnscoach Van Schendel is min te sprekken oer de omstannichheden fan it WK angeljen foar froulju yn Ljouwert. Hy fynt it fiskwetter en it waar beroerd. De wedstriden fine sneon en snein plak oan it Van Harinxmakanaal. Neist it parkoers is der fan alles te besjen en der wurde ek clinics hâlden.

Kontakt mei de angeljende dielnimmers is net mooglik. De fiif Nederlânske froulju sitte sneon op geunstige plakken, oan de bûtenkanten. De konkurrinsje is grut. Ingelân wurdt tipt as de winner. Oantal en gewicht fan de fisk jouwe de trochslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)