WK catamaran mei GPS-systeem

05 aug 2008 - 11:49

By it WK foar catamarans, no snein by Warkum, wurdt foar it earst fearn mei in tracking & tracingsysteem. It is dan folle makliker om de wedstriid te folgjen. Alle boaten, tonnen en de startboat krije in GPS-ûntfanger oan board. Op de kompjûter is dan presys te sjen hoe't it fjild derby leit.

It is foar it earst dat it WK foar catamarans yn Nederlân hâlden wurdt. It giet dan om de Dart 18-klasse, boaten fan 5,5 meter lang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)