WK allinne yn 2018 yn Nederlân

15 okt 2010 - 20:20

Nederlân makket allinne kâns op it WK fuotbal yn 2018. Dat meldt de NOS. Nederlân stelde him, mei België, kandidaat foar it WK yn 2018 én 2022. It Hearrenfean soe dan mooglik ien fan de spylplakken wurde.

Omdat de Feriene Steaten har weromlutsen ha foar it toernoai yn 2018 binne foar dat jier allinne noch Europeeske lannen yn de race. Omdat it toernoai net twa kear achterelkoar op itselde kontinint hâlden wurde mei, falt Europa dêrtroch foar 2022 ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)