Wjirmfiskers wurde net útkocht

23 sep 2009 - 16:06

De wjirmfiskers op it Waad wurde net útkocht. De PvdA yn de Twadde Keamer wol dat, mar minister Verburg giet dêr net yn mei. Op it Waad wurde wjirms fongen dy't oan angelers ferkocht wurde.

Natuerbeskermers fine dat de meganyske wjirmfiskerij skea oan de seeboaiem tabringt en dat fûgels en seehûnen dêrtroch ferjage wurde. De minister fynt dat in útkeapregeling net fan de Europeeske Kommisje mei, om't dat ferbeane steatsstipe wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)