Wjerstân tsjin sweeftrein groeit

24 jun 2004 - 16:42

De wjerstân tsjin de oanlis fan 'e Suderseeline mei in sweeftrein yn 'e Twadde Keamer wurdt hieltiten grutter. Hast alle partijen fine it projekt te djoer, sa die woansdei bliken by in debat. Fierder binne in soad partijen benaud dat de oanlis djoerder wurde sil as begrutte.

Minister Peijs sei ta dat se besjen sil oft de Suderseeline ek mei in stadiger, mar goedkeapere intercitytrein oanlein wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)