Wjerstân tsjin rydstrook by N358

25 jan 2006 - 11:55

Mear as tûzen ynwenners fan de gemeente Achtkarspelen hawwe har hanteken set tsjin it gearfoegjen fan fytsers en lânbouferkear op de brêge Blauforlaet by Stiensgea. Nei de rekonstruksje fan de dyk tusken Bûtenpost en Surhústerfean krije trekkers en fytsers elk in eigen rydstrook. Allinnich by Blauforlaet is dêr gjin plak foar. De tsjinstanners binne benaud foar gefaarlike situaasjes en ûngemakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)