Wjerstân tsjin plan Pi-groep

19 okt 2011 - 20:00

It plan fan de Pi-groep om tolve jonge kliïnten fan de GGZ ûnder te bringen yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten kin rekkenje op wjerstân by omwenners. Dy binne benaud foar oerlêst troch de jongeren, sa hawwe se de Pi-groep op in byienkomst witte litten. De wjerstân is der ek omdat der al in GGZ-behannelsintrum yn de buert sit.

De Pi-groep hat de omwenners witte litten dat de jongeren har oan strange regels hâlde moatte. Der is meikoarten in nije byienkomst foar de omwenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)