Wjerstân tsjin nasjonaal park

07 des 2004 - 10:35

Yn Earnewâld bestiet in soad wjerstân tsjin it nasjonaal park De Alde Feanen. Doarpsbelang Earnewâld wol in sit yn it bestjoer fan it nasjonaal park, mei de mooglikheid om takomstige besluten op te kearen. De oare belutsenen fine sa'n situaasje ûnwurkber en dêrmei stiet it hiele plan foar it nasjonaal park faai.

Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel sil woansdei mei alle partijen prate en besykje om alle noazen deselde kant op te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)