Wjerstan tsjin museum Amelân

15 jun 2003 - 00:00

Der komt hieltyd mear ferset tsjin it nije natuermuseum op it Amelân. De tsjinstanners fersette har net tsjin in nij museum, mar tsjin de keazen lokaasje: it Kaapsdún. Sy wolle dat behâlde.

It hege Kaapdsdún jout in geweldich útsjoch oer it eilân. It falt ûnder de fûgelrjochtline en de flora- en faunawet. Yn 2005 soe it museum der stean moatte. Dizze simmer nimt de gemeenteried in beslút oer de bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)