Wjerstân tsjin brûkersromte

18 feb 2004 - 00:00

Yn de Oranjewyk yn Ljouwert is in soad wjerstân tsjin de komst fan in brûkersromte foar harddrugferslaafden. Dat die tiisdei bliken op in diskusje- jûn fan de Ljouwerter PvdA.

De PvdA woe fan de omwenners fan de dei opfang yn dyselde wyk witte oft der draachflak is foar in brûkersromte yn de dei-opfang. De partij hat altyd sein tsjin te wêzen op sa'n romte oan de Sudergrêftswâl. Novimber 2002 tsjinnen se noch in moasje yn in brûkersromte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)