Wjerstân Grou tsjin wynmûnen

20 sep 2014 - 14:27

In mearderheid fan Grou is tsjin it plan om wynmûnen lâns de A32 te pleatsen. Pleatslik Belang Grou hat in brief stjoerd nei Fryslân foar de Wyn mei de útslach fan in enkête ûnder de Grousters. Dêrút hat bliken dien dat fan de 404 respondinten goed twatredde tsjin de wynmûnen is. De wichtichste beswieren binne dat de mûnen te ticht by de bebouwing komme te stean en dat it doarp net meiprofitearje kin. Ek binne ynwenners benaud foar lûdsoerlest.

De plannen fan Fryslân foar de Wyn wurde op it stuit beoardiele troch de kommisje Winsemius.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)