Wjerljocht slacht yn pleats

03 jul 2009 - 17:51

In pleats oan de Harichsterdyk yn Harich is freedtemiddei yn 'e brân flein nei't it wjerljocht ynslein wie. Ferskate brânwachtkorpsen binne ynset om de brân te blussen. De pleats leit krekt bûten de beboude kom fan it doarp.

Freedtemiddei wie der in flinke tongerbui boppe Harich. Foar safier bekend binne der gjin ferwûnen fallen. Der binne ek gjin skealike stoffen frijkaam by de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)