Wizigings fear Harns-Flylân

09 jan 2014 - 08:36
  • De fearboat fan rederij Doeksen nei Flylân

Yn ferbân mei de hurde wyn lit rederij Doeksen tongersdeitemiddei de feartsjinsten fan Harns nei Flylân en oarsom ferfalle. De boat fan in 17.15 oere nei Flylân, de boat fan Flylân nei Skylge en de feartsjinst fan 18.50 oere fan Flylân nei Harns falle út.

Om reizgers út de brân te helpen, lit Doeksen om 17 oere noch in boat fan Flylân nei Harns farre en om 19 oere giet in ekstra fearboat fan Harns nei Flylân ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)