Wittenskipper Cisca Wijmenga krijt Spinozapriis

12 jun 2015 - 18:24
  • De útrikking fan de priis yn Utert

Cisca Wijmenga krijt dit jier de Spinozapriis, de belangrykste Nederlânske wittenskipspriis. Wijmenga, berne yn Burgum, is heechlearaar medyske genetika oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Se is ek ferbûn oan it UMCG yn dy stêd. Se krijt de priis, dy't ek wol de Nederlânske Nobelpriis neamd wurdt, foar har ûndersyk nei glutenyntolerânsje. Se wit noch net wat se mei de 2,5 miljoen euro dy't ferbûn is oan de priis dwaan sil.

Ferline jier gie de Spinozapriis nei biolooch Theunis Piersma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)