Wittenskiplik ûndersyk nei wettertechnology by Wetsus

22 jun 2015 - 14:29
  • Laboratoarium Wetsus

Wetsus en de Nederlânske organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk (NWO) begjinne tegearre in heechsteand wittenskiplik ûndersyk nei wettertechnology. It NWO selektearret de kwaliteit fan de ûndersiken en Wetsus bringt it ûndersyksprogramma en de finansiering yn.

De ûndersiken wurde útfierd by Wetsus yn Ljouwert. Tusken 2017 en 2020 giet it jierliks om in heal miljoen euro. Mocht de gearwurking goed útpakke, dan giet it budzjet fan 2021 ôf omheech nei 2 miljoen euro yn it jier.

Foar it wetterynstitút yn Ljouwert betsjut dit nasjonale erkenning. It sil as gefolch ha dat folle mear ûndersyk op universitêr nivo hjir plakfine sil, dat in protte oerheidsjild foar wittenskip nei Ljouwert giet en dat der in protte wurk achterwei komt.

Wetsus, NWO en topsektor Water ha de gearwurkingsferklearring moandei ûndertekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)