Wite klaver moat guozzen rêde

27 maaie 2010 - 15:24
  • Ultsje Hosper fan it Fryske Gea krijt wite-klaversied fan Marianne Thieme

Guozzen ite folle leaver wite klaver as gers. Dat docht neffens de Partij voor de Dieren bliken út wittenskiplik ûndersyk. Dat is neffens de partij dan ek de manier om de oerlêst fan de guozzen oan te pakken.

Boeren ha in soad skea om't de guozzen har lân keal frette. Dêrom wurde der yngripende maatregels naam om dy skea te beheinen. De bisten wurde ôfmakke en de aaien wurde skodde. Dat noasket de Partij voor de Dieren net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)