'Wisecrackers' yn premjêre

31 okt 2014 - 14:46

Op it Noardlik Film Festival yn Ljouwert sil 7 novimber de foarstelling 'Wisecrackers' fan it Frysk Projekt Orkest yn premjêre gean. It orkest bestiet út 18 profesjonele en amateurmuzikanten en spilet in komposysje fan dirigint Frans Vermeerssen. Hy kombinearre ferskate filmmuzykstikken fan filmregisseur Robert Wise út Hollywood.

Sa binne der parten te hearren út films as de West Side Story, Star Trek en The Sound of Music. Op in grut doek efter it orkest sille filmbylden te sjen wêze, pasjend by de muzyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)