Wio Joustra twadde man by LC?

24 okt 2000 - 11:32

De 50-jierrige Wio Joustra wurdt sa't it no liket plakferfangend haadredakteur fan 'e Ljouwerter Krante. De rie fan kommissarissen fan 'e Friese Pers en de redaksje fan 'e krante moat noch oer de beneaming beslute.

Joustra is no noch korrespondint fan 'e Volkskrant foar it Noarden. Earder wie er sjef parlemintêre redaksje, polityk redakteur en korrespondint yn Londen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)