Wintertiid, mar gjin winterske temperatueren

24 okt 2015 - 16:58
  • De klok op de toer fan Aldeberkeap

De klok giet yn de nacht fan sneon op snein in oere tebek. Want dan giet de wintertiid yn. Mar wekker wurde by winterwaar sil foarearst net barre. De temperatueren passe mear by de maitiid. It wurdt oerdeis om de 14 graden hinne. De gewoane temperatuer om dizze tiid hinne is goed 10 graden.

De wintertiid is de standerttiid. Nederlân hat sûnt 1977 simmer- en wintertiid. Dêrtroch is it jûns langer ljocht en dat soe enerzjy besparje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)