Winterstop foar rugby'ers

11 des 2000 - 17:30

De Fryske rugbyploegen draaie dit jier mar matich. Yn de tredde klasse noord binne de Gordykster Wrotters it bêste Fryske team mei in 6de plak op 'e ranglist. De Feanster rugbyklub stiet op 7.

Rugbyclub Drachten stiet op 9 en Fryslân Flevorugbykombinaasje op 11. De lêste ploech, in fusy fan Grutte Pier Ljouwert en Lowlanders Emmeloord, wûn dit wykein fan rugbyclub Swolle mei 75 -0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)