Winterske fytsalvestêdetocht

18 des 2010 - 12:17

Fokje van der Meer út Tytsjerk is dwaande mei in fytsalvestêdetocht yn de winter. It giet om in proef. Se fytst sneon fan Koudum nei Frjentsjer. It is de tredde dei fan yn totaal fjouwer dagen.

De fytstocht is ûnderdiel fan de toeristyske sektor om de fytsalvestêdetocht yn de winter te promoatsjen. Yn fjouwer dagen tiid fytst Van der Meer yn totaal 254 kilometer fan hotel nei hotel by de alve stêden del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)