Wintersile op Snitsermar

12 des 2002 - 00:00

Oer in moanne wurde trije wedstriden wintersilen organisearre op de Snitsermar. Boateferhierberiuw Het Toppunt wol dêrmei it toeristeseizoen ferlinge.

Eigner De Jonge biedt dielnimmers in wykeinarranzjemint oan. Mei glühwein en in sfear fan après-ski hopet er in wintersportachtich idee te kreëarjen. Foar dit foar Fryslân unike barren is al in soad belangstelling. De earste wedstriid is 4 jannewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)