Winters wegeret 4 ton Haadstêd

21 des 2011 - 16:24

De organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 hat om 'e nocht in berop dien op keunstner Marten Winters. Hy wie frege om foar 400.000 euro in soartgelyk projekt te meitsjen as syn súksesfolle skip fan papier-masjee, mar hy wegere.

It skip fan papier-masjee waard ûnder grutte publike belangstelling yn septimber yn Ljouwert te wetter litten. Neffens it projektburo achter Kulturele Haadstêd 2018 soe in soartgelyk projekt oanslute by it kulturele evenemint. It skip waard makke mei help fan de befolking en krige in soad stipe fan it publyk. Mar Marten Winters wol net meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)