Winterrêst guozzen evaluearje

24 sep 2014 - 16:07
  • Guozzen op it lân

Provinsjale Steaten wolle earst resultaat sjen fan de twa moannen winterrêst foar guozzen, foardat dizze termyn 4 moannen wurdt. Deputearre Johannes Kramer hie útsteld om de guozzen de kommende twa jier twa wintermoannen mei rêst te litten en nei dy twa jier fjouwer moannen. Doel fan dit guozze-akkoart is om de oerlêst fan guozzen omleech te bringen. Bûten de winterrêst mei jage wurde op guozzen.

Boeren wienen bot tsjin de termyn fan fjouwer moannen winterrêst: se binne benaud dat de guozzepopulaasje dan wer groeit.

Mei de evaluaasje wolle de steaten sjen oft it tal guozzen mei twa moannen winterrêst goed ûnder kontrôle te hâlden is, foardat dy termyn oprekt wurdt.

Deputearre Johannes Kramer wol lykwols fêsthâlde oan de langere winterrêst foar guozzen. Hy is benaud dat natuerorganisaasjes ôfheakje as de fjouwer moannen winterrêst foar guozzen fan 2016 ôf no net fêstlein wurdt. Provinsjale Steaten stimme letter op de dei noch oer de guozze-oanpak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)