Winterregeling foar nachtopfang Zienn giet yn fanwege froast

15 feb 2016 - 13:57
  • Yn de kantine fan de nachtopfang yn Ljouwert

Fanwege de nachtfroast is fan moandei ôf de winterregeling by Zienn yngien. It oantal bêden yn de nachtopfang yn Ljouwert kin útwreide wurde fan 40 nei 52 sliepplakken, mocht dat nedich wêze. Minsken dy't gewoanwei bûten sliepe, kinne ek telâne yn it Sosjaal Pensjon yn Snits. Dêr is in needkeamer.

Zienn ferwachtet dat de regeling fjouwer dagen duorje sil. De winterregeling fan Zienn giet yn by in temperatuer fan min 2. It is de tredde kear yn dit winterseizoen dat de regeling jildt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)