Winteropfang Zienn sneon iepen

11 jan 2013 - 11:51
  • zienn

Opfangorganisaasje Zienn iepenet sneon de winterneedopfang yn Ljouwert, fanwege it kâlde waar dat ferwachte wurdt. Dat betsjut dat in sliepplak yn de nachtopfang fergees is. Oars kostet dat hast seis euro. It is neffens Zienn no al drok yn de nachtopfang, mei hast fjirtich sliepers.

Ek it Sociaal Pension hat in winterneedopfang. Dy needopfang wie al earder iepen dizze winter, tusken 7 en 17 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)