Winteropfang Snits hast klear

15 nov 2006 - 13:39

De winteropfang foar dakleazen oan de Lemmerdyk yn Snits sil nei alle gedachten foar 1 desimber klear wêze. Ferline jier waarden by strange froast dakleazen tydlik opfongen yn de opfang oan de Kleine Palen.

Dêrfoar waarden dakleazen nei de opfang yn Ljouwert brocht mei in taksy. Wethâlder Ekhart fan Snits fynt dat de winteropfang yn de eigen omjouwing in mearwearde hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)