"Winterfytsalvestêdetocht hat potinsje om te groeien"

14 feb 2016 - 10:29
  • De start fan de winterfytsalvestêdetocht wie om 7 oere moarns

De organisaasje fan de Winterfytsalvestêdetocht wol de tocht fan dit jier brûke as testcase. De fytstocht is snein betiid útein set. Ferline jier waard de tocht foar it earst hâlden. Doe diene der inkelde hûnderten fytsers mei. Dit jier binne it der al mear as tûzen.

De organisaasje wol no sjen hoe't dat giet, om miskien takom jier mear fytsers ta te litten. Der wurdt benammen sjoen nei hoe lang oft de fytsters stilstean moatte by de stimpelposten. Mei it kâlde waar soe it net ferantwurde wêze om de sporters te lang fan de fyts te hâlden.

Njonken de goed 1200 dielnimmers dy't de folsleine Alvestêdetocht fytse, binne der ek noch sa'n 200 minsken dy't allinnich it ûnderste part fan de rûte fytse. Dizze rûte is mei-inoar sa'n 90 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)