Winterfytsalvestêdetocht fan start by Alvestêdehal Ljouwert

14 feb 2016 - 07:05

1200 leafhawwers binne snein begûn oan de Winterfytsalvestêdetocht. Dat is trije kear safolle as by de earste edysje, ferline jier. De start wie by de Alvestêdehal yn Ljouwert. De dielnimmers starte yn trije groepen. Earst fytse se rjochting Snits. Se folgje safolle mooglik it 200 kilometer lange reedridersparkoers; se komme bygelyks ek oer it ferneamde brechje by Bartlehiem.

Om 7 oere moarns joech de lêste alvestêdewinneres Klasina Seinstra it startskot. De lêsten wurde yn Ljouwert werom ferwachte om ûngefear njoggen oere jûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)