Winter soarget foar problemen mei stroom en treinen

04 jan 2016 - 12:41

De problemen mei de stroomfoarsjenning yn Fryslân hâlde oan. Netbehearder TenneT warskôget der dan ek foar dat der noch hieltyd stroomdipkes binne. De oarsaak is de izel. Dy set oan op de heechspanningsliedings. De hurde wyn soarget der dan foar dat de linen begjinne te bewegen, te dûnsjen, en dat soarget foar koartsluting.

Arriva hie ek lêst fan dy stroomdipkes, guon tsjinsten kamen te ferfallen, mar oan de ein fan moandeitemoarn rieden de treinen wer neffens tsjinstregeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)